Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Grouster blazers

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2012

Image

It lei net oan it baltend boatsjefolk,
oerdwealsk by ’t earste bûtenbarren
as fan âlds by Grou,
it blaasde wol, mar út ‘e wolk
kaam net de wyn foar ’t brûzjend farren.

It lei oan ’t ûnegale twirrewaar
dat earsten sakken nei de lêsten,
lykas ’t Hearrenfean,
de fjirtjin punten eagen raar
foar ien dy’t eartiids wie de bêste.

Mar as de wyn op Grou it sitte lit,
dan blaast it korps sa’t nea noch spile
is op Pik en Ie,
sadat in elk yn spanning sjit,
want dat is ’t Grouster skûtsjesilen.

Image

admin

Prof Durk

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2011

De skipper hat it roer út hannen jûn,
de amateur is hjoed de baas,
hy treft it, tusken stoarmen yn
stiet op ‘e mar in waarme wyn
foar Kevin, Knut en Klaas.

Image

Sjedêr wa’t ek it roer yn hannen hat
sa tusken stielen reuzen yn,
hy treft it, nee, no gjin geseur,
in prof start nei de amateur,
as ’t moat sylt hy se fyn.

Image

Dêr brûst de Pan al om de wâl mei reid,
sa tusken mar en Siebesleat,
de Snitsers tinke fier op kop,
mar Durk sylt as in goede mop
al by de Jousterfeart.

De reuzen gean de lêste rûte yn,
sa foar de wyn nei ’t eilân ta,
ien rige yn deselde sleur,
foar Durk in saak fan amateurs,
as prof kin hy se ha.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum