Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Fiere skotten

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2011

De twirren wiskje oer it wetter
dat yn weagen rôlet nei de wâl,
dêr’t folk ferwachtet, it giet mâl,
wat mear Beaufort, wat better.

Image

It wâldpublyk wurdt dôf troch ’t klappen
fan de seilen, leger oan de mêst
as oars, it is it folk wol bêst,
’t ferwachtet wrede grappen.

Image

Noch ien minút, dan sil it heve,
mar it Drachtster skip wol net omlyk,
de weagen batse tsjin de gyk…
te let foar noch mear reven.

It wyt fan flaggen is it teken
dat de striid is iepen, elk syn kâns,
de fjirtjin manlju binne mâns
genôch, by stoarm gjin leken.

Image

Dêr is de boei om rap te gypjen,
wa’t it gykje heine wol, is dea,
De Jouwer rûkt al bloed mei ’t rea,
syn grime moat noch rypje.

Image

’t Publyk skuort healwei grutte eagen,
want de finishskotten klinke ier,
foar dôve earen fierste fier,
it folk sjocht inkeld weagen.

admin

Frije wyn

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2011

It wie de striid fan helje yn
wat op De Feanhoop stie te min,
dus by Wâldsein soe barre
wat de skippers hiene yn it sin:
gjin frije dei, mar wol de wyn.

Image

De start wie frij en oan de wyn,
de streek wie lang, foar elk in plak
om ’t tsjinrak yn te farren
mei de skoaten strak, de seilen flak,
wat fierderop lei, wie mar skyn.

Image

Doe kaam it rak fan foar de wyn,
de skoaten los, de loete yn
de fok, sa breedút brûzje
nei de boei, dêr waard it silen blyn,
de winner mei de gong deryn.

Image

It wie de frijheid fan de wyn
te romjen nei it westen ta,
foar skippers lok of needlot,
klappend sloech it ta, no dan mar sa:
de fokken del, de mêsten yn.

Image

Wylst brunen* farre fier op kop,
ha bern in wedstriid út ‘e wyn
– wa soe de keppel hoedzje?-
skûtsjesilen is foar harren skyn,
sy libje mei in slach of skop.

Image

* Súdwesthoeke en Drachten

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum