januari 12, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2010
De giele flagge, al fersliten
troch de spanning fan de wyn,
hie yn de wedstriid riten
fan ik slaan fan spanning fyn.
De reade flagge, al ferjierre,
hammer, sikkel fan it lân
dat heil rôp dêr en hjirre,
wiisde nei it Lemster strân.
Wylst brûsden beide foarste skippen
op ‘e finishflagge ta,
de spanning, fyn as drippen
swit: ‘Wa wurdt it fan dy twa?’
De jonge hie de stôk al setten,
mar de flagge lei sy op,
hy makke koarte metten:
‘Moarn krijsto him op dyn kop.’
januari 10, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2010
De Lemmer, eartiids plak fan aken
yn de romte ûnder loft, op see,
foar fiskers boaiems ûnder learzens,
wif en glêd, har fêste libbenstaak,
faak ier en let wer op it stee.
Sa’t like, Earnewâld foar saken
fier fan ’t startskip, by it skot te let,
mar skerp waard syld en tûk ek keazen
slach nei slach, gjin draai te faak,
sa’t like, Earnewâld hie ’t ret.
Mar soe De Lemmer op syn wetter
as eartiids de aak der ek foar gean
en brûzje om op kop te kommen?
’t Silen mei protest as taak
jout faak foar ’t wrotten minder lean.
De Lemmer, hjoed mei minne loften,
driigjend boppe Grou en ’t Hearrenfean,
de foarsten by in wyn dy’t romme
mei in simmertwirre, saak
foar Earnewâld om rjocht te stean.
Mar Earnewâld koe ’t spul wol hâlde,
sylde mei in skuor sels skerper oan
de wyn, soe sa noch neier komme
by de foarsten, kriich de smaak
te pakken, mar krekt net de kroan.