Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Drachten yn it wyt

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1960

Image

Mei tugen donker fan de taan
en breedút troch de loeten
dreauwen skûten, sierlik as in swan,
dy stille dei de fêste rûte,
wylst de taande skipper, gysten man,
hie leaver dat er kloete.

Image

Dat byld is santich jier al lyn,
doe’t Drachten foer mei nûmer trije,
’t skûtsje mei de dikke izerhûd,
mar Tsjalling hold de gong deryn
en mocht syn skip wol lije.

Image

De seilen wiene net fan stiel,
it achterlyk soe skealik skuorre,
yn it brún kaam doe in letter wyt,
de q fan sûnder skûtsjestyl,
de striid lykwols hat duorre.

Image

Dat byld is fyftich jier al lyn,
yn sechtich waard de D fernije,
Drachten sylde dûbel yn it wyt
en folle skraler oan de wyn,
koe sa de boeien krije.

Image

Mar mei in seil stiif fan de taan
en wite fok mei plakken
swom de G as Grouster knobbelswan
stabyl foaroan yn alle rakken;
D hie mei syn wite seileplan
it tredde plak te pakken.

admin

Snitser bolle

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1959

Yn 1943 bin ik berne op it skûtsje ‘De Twee Gebroeders’,
dat hjoed de dei noch meisylt by de IFKS as ‘De Harmonie’.

Fan 1959 ôf ha ik de wedstriden fan de SKS yntinsyf folge.
Doe bin ik ek begûn mei it oanlizzen fan in skûtsje-argyf.
Dat beslacht 178 mappen (oant en mei it jier 2007).

De krantefoto’s komme út de Ljouwerter Krante,
it Frysk Deiblêd en it Snitser Nijsblêd.

Image

Al ieuwen hat it skippersbloed
de skûtsjes brûzje litten;
de hân oan ’t roer en skrep de foet,
de fûlens net te mjitten.

De skipper wie mei ’t skûtsje ien,
yn ’t boeisel stie syn namme;
doe joech de stêd it him te lien,
de line lei ferlamme.

Der kaam in teken yn it seil,
SN foar Snitser bolle,
in Grinzer skip, doe wol op peil
en gjin oerstjoere hollen.

Image

Der wiene yn dat jier mar tsien
dy’t strieden om de eare;
de Grousters waarden nûmer ien,
de H moast it noch leare.

De bolle siet der tuskenyn
en al hoe’t hy ek balte,
syn ballen heinden te min wyn,
plak seis wie doe syn halte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum