Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Wapenwedrin

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Der is altyd in winner
by it draven fan de maraton,
al komt men deawurch oer de finish,
men slacht foar master op
en fielt jin as Napoleon.

Faak hat de Frânske keizer
mei syn leger maratons ôflein,
hy gie altyd foar de oerwinning,
in master oan de top,
mar oan de ein waard hy ferslein.

Fan rinnend leger nei de
tank, om fier te sjitten it kanon,
tanimmend kâns op de oerwinning,
in wapenwedrin nei
de top, oars as in maraton.

Fan tolve lannen yn de
Navo nei de proef mei it atoom
fan Ruslân, ’t waard in wapenwedrin
dy’t brocht ek oarloch mei…
sa jeie se elkoar op stoom.

* Foto ‘Wapenwedrin’

 




admin

Atoom-abortus

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Hoe kin it noch net berne bern
beskerme wurde troch in wet
om lijen foar te kommen?
In bern dat noch neat sizze kin,
wurdt net op ’e ierde set.

Lit Hiroshima ’t antwurd jaan,
ek Nagasaki wit it wol
hoe’t twa fatale bommen
fan ynfloed binne op it bern
spyljend amper noch in rol.

In wet kin letter útkomst jaan,
biedt memmen de gelegenheid
te kiezen foar abortus,
sadat it bern net lije hoecht,
mar wat dizze dea har seit?

* Foto ‘Atoombom’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum