Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Laokoöns rjocht

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Laokoön, pryster fan Apollo,
Troje wie de offerstêd
dêr’t hy syn taak folbrocht,
twa soannen krigen fan him sêd
en les yn wat wie rjocht.

Laokoön seach in houten hynder,
heech op poaten op it strân,
fertroude ’t offer net
dat komme soe út fijâns hân,
’t gie yn tsjin Trojes wet.

De pryster smiet, ta Trojes ear,
yn ’t offerhout syn spear.

Laokoön seach twa lange slangen
gliden by it hyder lâns
op beide soannen ta,
hy focht foar har, mar hie gjin kâns,
de dea moast harren ha.

Image

Foar ’t prysterrjocht wie Troje blyn
en helle ’t hynder yn.

* Moarmeren byld ‘Laokoön’ (earste ieu foar Kristus)
dat yn 1506 yn in wyngerd yn Rome ûntdekt waard.

admin

Alexander de Grutte

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Alexander, grutte Gryk,
dy’t libbe leafst by fiergesichten,
stoarre oer de Middellânske See,
hy dreamde fan it grutte ryk
dat foar him lei, hy soe it stichtsje.

Legermachten, gjin ûntwyk
foar dy ienfâldige soldaten,
mannichfâldich foar de bloedstriid ree
mei ’t each op Alexanders ryk,
oer frede foel noch net te praten.

Perzysk kening moast omlyk,
omdat de dream yn winst feroare,
mar de foarst bleau fier fan eigen see,
waard oerset nei it stille ryk,
nea joech er wer syn hoars de spoaren.

* Detail fan it Alexander-mozayk
(sirka 100 foar Kristus)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum