Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Keizer Augustus

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*
fan anonym**

Image

Hy focht him dea foar ’t keizerryk,
omdat it gie oer grinzen hinne
oant berikt wie hiel de wrâld,
it fallen fuotfolk liet de keizer kâld,
hy hie syn sinnen set op winne.

Hy stiet mei rjocht op syn gelyk
… is ’t triomfearjend of ek wizend…
want de ein is net berikt,
Augustus’ finger is op tellen mikt,
dan sil syn stjer noch fierder rize.

Fan Bartlehiem oant Betlehem
komt elkenien yn it register,
want it giet om mear en mear,
sa jout it kâlde folk de keizer ear,
mar ’t klopjen fan de herten mist er.

Image

* Detail fan in triomfbôge
** Augustus fan Prima Porta
(sirka 20 foar Kristus)

admin

Kupido

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Bêste dames, jou jim efkes del
en skôgje ’t wurk fan eigen hannen
dat ik justjes neier sko…
wat no? Wurd asjeblyft net kjel,
want hy befrijt fan alle bannen,
sa wurket Kupido.

Fenus hat him oer de leafde leard,
yn ’t poerlik neaken praktisearre
as de bolle mei de ko…
mar ho! Dat is gedoch fan neat
ferlike mei wat elk wurdearret
yn ’t wurk fan Kupido.

Bêste dames, jou jim rêstich del
en ûnderfyn it wurk fan hannen
ûnder wjukken fan in do…
dat sa! Genietsje dan fan fel
op fel en ’t wurk fan mânske mannen
en ek fan Kupido.

* Fresko ‘Kupidoferkeapster’ (earste ieu),
fûn yn in badplak súdlik fan Pompeii

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum