Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Wylde wytsing

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Johan Herman Isings*
Image

It hert sloech Friezen yn de kiel
doe’t kleure seilen kamen út it noarden,
drakestevens stieken heech
en riemen glieden nêst de boarden,
dan hiene lân en stêd it dreech:
‘O Heare, rêd ús siel!’

De planken rûnen nei de wâl
om wylde wytsing nei de skat te bringen,
stêd mei tsjerke yn it leech,
se rôven sulver, gouden ringen,
dan hie it strjit- en godsfolk ’t dreech:
‘O Heare, dit giet mâl!’

En foer de float de see wer op,
de drakesteven nei it hege noarden,
mei de wyn yn ’t kleure seil,
dan klonk in liet oer wrede moarden,
mar op it lân gjin wurd fan heil:
‘O Heare, smoar har krop!’

* Johan Herman Isings (1884-1977)
Skoalleplaat ‘De wylde wytsing foar Doarestêd’

admin

Karel de Grutte

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Ary Scheffer*
fan Albrecht Dürer**

Image

Heech sit er op ‘e skimmel,
Karel, grut fan stal en ek yn macht,
hoe’t hy de Saksen ’t plak oanwiist,
slacht hiel syn leger acht.

De fijân leit op knibbels,
foaroan de fersleine Witikind,
noch yn syn nederlaach fertiisd,
wa’t heger sit, dy wint.

Noch heger riisde Karels
macht doe’t hy it Moareryk befocht,
dêr’t Allah ’t foar it sizzen hie
en ’t hegerop besocht.

Paus Leo skonk it heechste
mei’t er joech de gouden keizerskroan
oan Karel, man fan rie en die,
úteinlik goadesoan.

Dêr stiet er, grutte hearsker,
keizer Karel fan in ryk
dat grutsk al nei Europa wiist,
mar net alhiel gelyk.

Image

* Ary Scheffer (1795-1858)
Skilderij ‘Karel nimt de trou fan
Witikind yn Paderborm oan’

** Albrecht Dürer (1471-1528)
Skilderij ‘Portret fan Karel de Grutte’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum