Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Op Romeinske skaal

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

It koe net langer, ’t waard te manysk,
it fleach de pommeranten nei de kop,
se hiene heech it boarst en krop,
sa fûn de keizer, Diokletianus.

De skaal moast lytser, ’t ryk yn parten,
dan koene fjouwer hearskers it oersjen,
gjin boarger fielde him ferlern,
sa hie ’t al yn de tiid fan Nero moatten.

Image

Tetrarch, sa wie de earenamme,
de east-west skieding, fredich twa by twa,
mar woe de boarger dêrop ta?
Hy fielde him noch altyd lyts, ferjamme!

Ferdieling fan de macht mislearre
en op ‘e nij kaam op ‘e troan ien Hear
mei fan de boarger alle ear,
al moast er hjoed noch foar syn keizer stjerre.

* Byld ‘De fjouwer tetrarchen’
(sirka 300 nei Kristus)

admin

Hostilianus

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym**

Image

Hostilianus,
it soe kinne,
hy wie fan it Romeinske laach
en is milennia al dea,
wa soe him no noch kenne?
Faaks de sarkofaach…

Hostilianus,
it soe kinne
dat hy dêr heech op ’t hynder sit
en ropt: ‘Foar ’t libben of de dea!’
Syn folk sil him wol kenne,
mar de sarkofaach, wa wit…

Hostilianus,
it soe kinne
dat hy al wit, it komt wol goed,
want de Germanen slaan wy dea!
Hy sil de striid al winne,
mar de sarkofaach rûkt al syn bloed.

* Hostilianus wie de soan fan keizer Desius

** De Ludovisi-sarkofaach (250 nei Kristus)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum