Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Sutton Hoo

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Hy sjocht ús oan mei holle eagen,
want hy wit net mear fan wat en hoe,
omdat er ieuwenlang bedobbe lei
yn ’t grêf fan Sutton Hoo.

Syn hollemaat kaam oer de weagen,
’t wie in Angel, Saks, miskien in Fries,
nei ’t eilân dêr’t de sinne îndergiet,
hy focht en wûn de priis.

Romeinen seagen ’t swurk al driuwen,
wisten amper mear fan hoe en wat,
omdat foar har de sinne ûndergie,
it grêf waard Romes lot.

Mar kening Redwald soe lang bliuwe,
machtich hearsker yn de tiid fan doe,
hy sjocht ús oan en wat er sei, gie mei
yn ’t grêf fan Sutton Hoo.

* Helm út it boatgrêf fan Sutton Hoo
yn Ingelân (sirka 625-630)

admin

Romeinske frede

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Ferdinand Bol*

Nei de eed op ’t swurd fan Claudius
begûn de striid tsjin de Romein:
de Batavier teach by de Ryn lâns,
syn rivier, in binnenkâns,
brocht trije legioenen op ien ein.

Claudius waard droegen op it skyld
as held fan de Bataafske Ryn,
doe fierderop, sa by de Waal lâns,
rekke ’t leger út balâns
en útinoar fanwege Romes wyn.

Image

Ien tsjin ien, gjin frede sûnder praat:
Romeinen binne net sa min,
se rinne by de Batavier lâns,
want dy kriget noch in kâns
yn ’t legioen, úteinlik syn gewin.

* Ferdinand Bol (1616-1680)
Skilderij ‘Fredesûnderhanneling tusken
Claudius Civilis en Cerialis’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum