Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Dûbele hannel

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan van Eyck*

Image

Hied er it yn Lukka wol besjoen,
de wenten om it rûne plein?
In rûntsje draaie wie it net,
hy hie syn slach perfoarst net slein,
gjin hannelsbern yn ’t libben set.

Keapman Giovanni hie wol wûn
mei saak en jild, hy spile tûk,
mar Lukka wie dochs Brugge net,
hy joech de frou in jurk en doek,
foar hannel wie it nea te let.

Mei ’t gebeart fan ‘ha jim my wol sjoen,
ik bin in keapman fan komsa
yn Brugge, ’t giet no dûbelop:
it wurde foar it each grif twa,
myn hannel liedt nea ta in strop’.

* Jan van Eyck (sirka 1385-1441)
Skilderij ‘Portret fan Giovanni Arnolfini en syn frou’

< Foarige Oare >
admin

Swinejacht en -slacht

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan de bruorren Van Limburg*
fan anonym**

Op tafel kaam komselden hûnefleis,
allinnich yn de heechste need
as honger troch de krite ware,
oars wiene jagers ûnderweis:
fleis by de fleet.

Image

De hûn wie by de jacht de bêste maat
en snúfde oer it swinespoar,
al wie dat troch de tiid ferware,
it jeien lei yn ’t dier syn aard,
dêr wied er foar.

Oars as it swyn, de dei troch ûnderweis,
hy wrotte gnoarjend yn de grûn
om foar de lagen spek te fretten,
gjin weet fan: ’t is myn lêste reis,
dêr wie de hûn.

De achterpoaten heech, de kop omleech,
ferwurden ta in hompe fleis,
de slachter hie it oer in fette,
al wie it spek ek noch sa dreech,
op wie ’t dy deis.

Image

* Paul, Herman en Johan van Limburg
(14e/15e ieu)
Skilderij ‘Wylde-swinejacht’

** Skilderij ‘De slachterij: bargefleis’
(14e ieu)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum