Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Boer op ‘e skeal

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Benedetto Antelami*

De boer, hy libbe tusken loft en grûn,
seach út nei rein of sinne,
siedde nôt en plante strûk,
hy bodde oant de lette jûn
mei hân en foet allinne.

Wie ’t swier of licht,
de mage fol of leech,
de skeal die wol syn plicht.

Image

De boer, hy fjurre stokslaand hynders oan
dy’t oer de ieren trapen,
yn dy tiid in fêst gebrûk,
sa spatten kerrels út it koarn
foar bier oan stoere knapen.

Wie ’t swier of licht,
de mage fol of leech,
de skeal die wol syn plicht.

De boer, hy fike ripe druven ôf
en lei dy yn de tonne
foar it sop, in fêst gebrûk
om nei de simmer mei de frou
te drinken út ‘e kanne.

Image

Wie ’t swier of licht,
de mage fol of leech,
de skeal die wol syn plicht.

* Benedetto Antelami (1150-sirka 1230)
Byld ‘De moanne july, hynders dy’t nôt terskje’

Byld ‘De moanne septimber, de wynrispinge’

admin

Wylde wytsing

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Johan Herman Isings*
Image

It hert sloech Friezen yn de kiel
doe’t kleure seilen kamen út it noarden,
drakestevens stieken heech
en riemen glieden nêst de boarden,
dan hiene lân en stêd it dreech:
‘O Heare, rêd ús siel!’

De planken rûnen nei de wâl
om wylde wytsing nei de skat te bringen,
stêd mei tsjerke yn it leech,
se rôven sulver, gouden ringen,
dan hie it strjit- en godsfolk ’t dreech:
‘O Heare, dit giet mâl!’

En foer de float de see wer op,
de drakesteven nei it hege noarden,
mei de wyn yn ’t kleure seil,
dan klonk in liet oer wrede moarden,
mar op it lân gjin wurd fan heil:
‘O Heare, smoar har krop!’

* Johan Herman Isings (1884-1977)
Skoalleplaat ‘De wylde wytsing foar Doarestêd’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum