Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Mearfâldich libben

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jacob van Campen*
fan Adriaen Hanneman**

Image

Wa koe Constantijn doe net,
de dichter, skriuwer, komponist
en ek noch prinslik sekretaris;
skriuwe die er oant jûns let,
hat lykwols net it hûslok mist.

Elk wie fan Suzanne mâl,
want kreas gie sy troch Amsterdam,
dat Constantijn seach har wol rinnen,
rike frou fan keapmansstam,
de dichter helle har fan stâl.

Twa pear eagen, dy fan har
wol skerp, syn sicht wie lykwols min,
harmoanysk klonk it houlikslibben,
mei fiif bern yn ’t húsgesin
kaam ynspiraasje goed oan bar.

Image

Doe’t Suzanne, kleare stjer,
fertsjustere en waard doe wei,
wie Constantijn it paad lang bjuster,
dichtsjend woe hy mei har mei,
mei wurden fleach er, seach har wer:

Of droom ick, en is ’t nacht, of is mijn Sterr verdwenen?
Ick waeck, en ’t is hoogh dagh, en sie mijn’ Sterre niet.
Komt’ Dood, en maeckt my korts van deze Cortsen vrij
‘K verlangh in ’t eewigh licht te samen te sien sweven
Mijn Heil, mijn Lief, mijn Lijf, mijn God, mijn’ Sterr, en mij.

* Jacob van Campen (1596-1657)
Skilderij ‘Dûbelportret fan Constantijn Huygens en Suzanne van Baerle’

** Adriaen Hanneman
Skilderij ‘Portret fan Constantijn Huygens mei syn fiif bern’ (1640)

admin

Oerjefte fan Breda

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Diego Velázquez*

Tsien moannen hat it duorre,
wylst Breda ferwachte it ûntset
fan Spaanske troepen om de stêd,
mar ’t leger fan Oranje wie te let,
de reek fan ’t turfskip wâlet oer de muorre.

’t Wie Willem fan Oranje
dy’t it opnaam tsjin de tiranny
fan paus en kening, want har wet
gie yn tsjin wat foar rjocht en frijheid stie,
sadat syn fijân waard besetter Spanje.

Image

It wie al jierren letter
dat in skip mei turf en legertroep
foer yn ’t geheim foar it ûntset
nei Spaansk Breda; ’t soldatefolkje kroep
foar ’t ljocht, ferdreau manmoedich de besetter.

Sjoch hjir hoe’t kânsen keare:
Hollânsk kommandant biedt oan de kaai,
dêr’t grif Spinola wol mei rêdt;
de hân op ’t skouder foar de minne dei,
wylst yn de hichte stekke Spanjoals spearen.

Image

* Diego Velázquez (1599-1660)
Skilderij ‘De oerjefte fan Breda’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum