Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Fransiskus

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Giotto di Bondone*

Image

Hy baaide yn de wielde fan syn heit
en joech it jild mei beide hannen út,
fertsjinne letter dochs in bonus,
út hûndert fammen keas er wol in breid,
mar gie it yn ’t bestean om bút?

Hy stie yn twivel, klaaide him doe út
en joech de klean en syn beslút oan heit,
dy’t him beleanne mei in malus,
it lânskip waard syn hûs, de himel ’t rút,
in bleat bestean wie sa in feit.

Mar wat er hie, wie ek foar elkenien,
hy joech syn kleed mei beide hannen oan,
syn bonus wie it heil op ierde,
de skepping kriich er fan syn Heit te lien,
om’t hy it die lykas de Soan.

Image

* Giotto di Bondone (sirka 1266-1337)
Fresko ‘It ôfstân dwaan fan de erfenis’
Fresko ‘It skinken fan de mantel’

admin

Feodale slaven

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan de bruorren Van Limburg*

Image

De maitiid bôge oer kastiel en klinte
mei in kleare himel, fol ûnthjit,
want Hy dy’t de seizoenen mjit,
begrinze op dy dei de kâlde winter.

It wie de dei fan oksen foar de ploege
mei de boer der stjoerend achteroan
foar rjochte fuorgen foar it koarn
lykas it feodale slaven foege.

De feodale hear stie op ‘e muorre,
meat de fuorgen, fan syn grûn de grins,
sloech oer de boer as wie ’t gjin mins,
seach yn ferbylding al in folle skuorre.

* Paul, Herman en Johan van Limburg (14e/ 15e ieu)
It boek ‘Très Riches Heures’ symbolisearre
de moannen fan it jier
Skilderij ‘Maart, boeren oan it wurk op it feodale bûten’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum