Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Slach nei frede

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Henri Gascard*
fan ûnbekend**

Mei seis jier oarloch koe ’t wol ta,
omdat it raasd hie fan geweld
foar macht en rom, mar wa
hat letter alle deaden teld?

Image

Gjin diplomaat mei grut gesach,
hy sette inkeld mar syn hân
op ’t blêd fan it ferdrach,
sa kaam de frede yn it lân.

De bern ha boarte, striid of net,
behalve twa, dy hiene baat
om mei op it portret,
sy learden al foar diplomaat.

In fjouwer dagen nei ’t ferdrach
wie ’t noch net út mei it geweld,
de stêd*** hat yn dy slach
wol fjouwertûzen deaden teld.

Image

* Henri Gascard (1635-1701)
Skilderij ‘Frede fan Nijmegen’

** Yllustraasje ‘Slach by Sint Denis’

*** Sint Denis

admin

Michiel de Ruyter

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Ferdinand Bol*

Image

Rinne koed er as in hazze
út ‘e klasse, want dat fûn er neat,
Michiel woe leaver heger klimme
as in oar, de bûsen fol mei lead,
foar dy tiid ier yn it trimmen.

Fleane woed er as de miuwen,
hingjend yn it want en roekenêst,
it alderheechste foar in maatsje,
mar noch heger woed er, dat stie fêst,
yn de striid foar foarst en naasje.

Stjoere koed er al syn skippen
nei de Thames, de fijân yn de fal
as Romes ryk yn de histoarje,
dat de admiraal waard Hannibal,
yn syn tiid de heechste gloarje.

Trochgean woed er oant in kûgel
soarge dat er net mear rinne koe,
as admiraal net heger klimme,
dat Michiel de Ruyter hat him doe
oerjûn oan de lêste stimme.

* Ferdinand Bol (1616-1680)
Skilderij ‘Portret fan Michiel de Ruyter’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum