Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Rûnom de frijheidsbeam

Skiednisbylden
PDF Print E-mail

fan J.L. Hauck*

Se hâlde heech it heitelân,
de frije Patriotten;
mei’t gewear fan Jean soldaat
kraait sels de hoanne: ‘k bin paraat!
Wa’t frij is, hoecht net mear te wrotten.

Wa praat no noch fan Nederlân,
It lân leit justjes heger
as it dún, de terp en dyk!
Sprek fan Bataafske Republyk,
dan komt de knots wer yn it leger.

Kom allegearre nei it plein
om dêr de beam te plantsjen
dy’t yn frijheid groeie sil;
sjong dûnsjend fan in eigen wil
mei Jean de broer-soldaat oan ’t hantsje.

Image

* J.L. Hauck (1759-1797)
Skilderij ‘Frijheidsbeam’ (Grins)

admin

Healstok nei Ingelân

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan L. Schweickhardt*

Image

Dêr stiet er yn syn lange learzens,
want de Noardsee leit net ticht
om oer it iis te rinnen;
wat is flecht en wat is plicht…
prins Willem moat it sizze kinne.

Myn folk, sjoch hjoed net nei de toer,
want healstok waait de flagge
op ‘e twirren fan de Frânske wyn;
ús frijheid liket efkes oer,
lykwols is Frânske frijheid skyn,
de revolúsje is net slagge,
wa wol bruorskip mei de fijân ha?
Myn folk, ik far nei Ingelân
mei frou en de famylje
op ‘e twirren fan jim trouwe wyn;
ik groetsje mei de rjochterhân
en freegje, sit net oer ús yn,
wy sille frijheidslieten spylje.

De kiel hat fan de wurden hearze,
letter fan de Noardseewyn,
dy’t yn de triedden spile
’t liet fan werklikheid en skyn:
de prins ûntkommen oan de bile.

* L. Schweickhardt (1783-1862)
Yllustraasje ‘De flecht fan Willem V’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum