Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Albert Einstein

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Neat is yn ’t libben absolút,
dus moat men alles yn relaasje sjen,
sa wurdt de minske wizer
oer de tiid dy’t giet foarút,
mar mei de faasje fan it ljocht ferlern.

As bern wie hy syn tiid foarút,
hoewol’t hy trochgie foar in stillenien
en achterlik, net wizer,
mar hy hie syn dreamdebút,
hat mei de tiid it yn de romte dien.

De romte joech him wol de kâns
om tiid te sparjen mei it rappe ljocht,
dy beide yn relaasje;
’t witten rekke yn balâns:
atoom en universum krigen rjocht.

Hoewol’t er al fan alles wist
en musisearre troch de ierdske tiid,
ferlear de wrâld relaasje
mei it rjocht, as passifist
seach hy op ôfstân striidber nei de striid.

Foto ‘Albert Einstein’

admin

Niagara Beweging

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

It is de stream dy’t fierder giet
en rint oer grinzen hinne,
der is gjin kearen oan,
wol harkje nei ’t oanhâldend liet.

It liet, dat al fan fierren klinkt,
sil op syn wize winne
oan krêft, de boldertoan
dêr’t al it tsjinlûd yn ferdrinkt.

It swarte folk set krêftich yn,
in koar fan tolve stimmen:
‘Gelike rjochten foar
wa’t earder libben fan de wyn.’

De stream fan slaven is foarby,
’t komt oan op krêftich swimme
yn ’t eigen skomjend spoar,
beweging is feroarjend tij.

It is de stream dy’t fierder giet
lykas de Niagara,
der is gjin kearen oan,
sjong dêrom mei ’t oansprekkend liet.

* Foto ‘Niagara Wetterfal’
** Foto ‘Tolve leden fan de Niagara Beweging’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum