juni 23, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Nicaragua,
it griene lantsje yn de tropen,
lyts ferlike by Amearika,
de steile steat fan mear en mear…
ferfljocht dan alle hope?
Hope op ’e dei
dat eigen krêft it foar it sizzen
hat, want frijheid wiist de rjochte wei,
foargoed ferlost fan grutte bear,
gjin lân wol ûnder lizze.
Opstân tsjin it bist,
dat stjoert sa’n fiifentweintichhûndert
mariniers, gjin kâns, fergees de list,
yn ’t lot fan ’t lantsje komt gjin kear,
it leit noch altyd ûnder.
Hope jout it sicht
op: wa ’t hjoed ûnder leit, komt boppe,
fjochtsje foar de frijheid is in plicht;
oan Nicaragua de ear…
de bear krijt hûndert skoppen.
* Foto ‘Natuer yn Nicaragua’
** Wapen fan Nicaragua
juni 16, 2019
fan ûnbekend*
fan Willy Stöwer**
It is tefolle om te neamen,
want titanysk wie it skip,
mei fjouwer skoarstiens nei de hichte
stiek it goaden nei de kroan,
in stomer út ’e djipste dreamen.
Dus wêrom net ferneame
út it reuzeskaai, ferneamd
troch tsjin de goaden fûl te striden,
dochs kaam ’t op ’e driuwkrêft oan,
ûnmachtich troch de wetterstreamen.
De kjeld liet stream en bloed befrieze,
bergen riisden heger op
as fjouwer skoarstiens, dy’t fansiden
seagen goaden op ’e troan,
dat Titan moast de striid ferlieze.
De kont woe boppe wetter rize,
grutsk, it wie syn lêste wil
foar’t hy titanysk nei de lichte
glied, ferstoarn wie doe de toan
fan Titan sil de koers wol wize.
* Foto ‘Titanic’
** Willy Stöwer (1864-1931)
Tekening ‘Undergong fan de Titanic’