mei 31, 2020

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
fan ûnbekend***
It moast der wol fan komme,
want de steaten wiene oarlochslam,
de folken hiene fredeshonger,
stadich dôve sa de felle flam.
It bolderjen ferstomme,
mei de fjirtjin punten op papier
wie Woodrow Wilson fredesjonger,
syn harmoanysk machtsliet rikte fier.
It tsarelûd ferstomme
ek, troch kûgels, ’t liet fan skot nei skot,
de Russen harken nei de tonger
fan de bolsjewiken, ’t waard har lot.
De keizer mocht wol komme
nei it buorfolk, yn de kriich neutraal,
troch hakjen fielde hy him jonger…
’t oarlochsdrama bleau it kearnferhaal.
De folken ha ferromme
azeme, want einlings wie ’t safier,
men koe foarearst fan frede sjonge…
klonk it fredesliet wol duorjend blier?
* Skilderij ‘Presidint Woodrow Wilson’
** Skilderij ‘Tsaar Nicolaas II’
*** Skilderij ‘Keizer Willem II’


mei 24, 2020

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Tegearre oer de dûnsflier swiere
wie fan krún oant tean it nocht
en wurk fan Vernon en Irene,
sy ha de hichte socht
en mochten ’t libben fiere.
Sy hie it hier koart foar de holle,
wat modern wie, ’t hiet de bob,
sy joech de wrâld dy styl te lien,
berikte sels de top,
lykas de measten wolle.
Mar wol moast sy har man ferlieze,
as piloat fûn hy de dea;
har kapsel drûge noch gjin trien,
mar ’t dûnsjen wie as brea…
sy hie neat oars te kiezen.
* Foto ‘Vernon en Irene Castle’
** Foto ‘Irene Castle’
