Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Raspoetin

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Raspoetin liet him net bine,
libbe leech en heech, der mar op los,
mei hoeren en mei de tsarina,
as in godsman dy’t genies,
hy liet syn ljocht oan ’t hôf fel skine.

Grigori, syn earste namme,
wenne yn in doarp as boeresoan,
it wurk kaam yn it plak fan skoalle,
ynsjoch makke ’t jonkje wiis,
hy hat him nea foar syn folk skamme.

Net as boer koe hy it fine,
wol as pylger, reizgjend troch it lân;
as geastlik liedsman en genêzer
helle hy lju út ’e tiis,
sa koed er ’t hôf ek oan him bine.

Tsarevitsj Aleksej makke
hy ek better fan syn streamend bloed,
kriich doe de geunst fan de tsarina,
mar de oergeunst fan wa’t wiis
wie mei de tsaar, syn macht ferswakke.

Raspoetin moast him wol bine
litte, hie gjin macht mear oer himsels,
dus likemin oer de tsarina;
brute moard, it wie in griis,
se soene him yn ’t iiswek fine.

* Foto ‘Raspoetin’
** Foto ‘Raspoetin fermoarde’

admin

Opstân mei Peaske

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

It wie in opstân út ’e deaden
fan de Ierske hongersneed,
as wie de Hear sels opstien;
grut wie earder Ierlâns leed,
dat him tsjin Britske wetten kearde.

De Ieren stiene op mei Peaske,
net massaal, in tûzen man,
Pearse wie, as Kristus, lieder,
hie de republyk as plan,
dêr’t eigen folk yn frijheid hearske.

Tsjin fiifenfyftichhûndert Britten
koe de lytse Ier net op,
it kaam ta eksekúsjes,
fyftjin koste it de kop…
wa koe dy wrede wraak ferjitte?

It bloed fan Pearse wie foar de Ieren
wetter foar de frijheidsplant,
dy’t ryk begûn te bloeien:
Ierlân wie net mear de klant
fan ’t Britske ryk, koe sels wol tiere.

Foto ‘Opstân’
Foto ‘Nei de opstân’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum