mei 17, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
As fjirde fan wol tolve bern
wist Ernest wat fan ’t grutte ôf,
grut wie ek syn aspiraasje
om nei ’t middelpunt te gean
fan wat mei ’t each net is te sjen.
As wittenskipper woed er ha
’t atoom hie grif syn eigen bou
mei kearn en elektroanen;
’t koe foar lytse ienheid stean,
mar Ernest woe op splitsing ta.
’t Atoom fan stikstof wie geskikt
om op te sjitten, wol yn ’t lyts,
hiel sekuer mei alfadieltsjes,
dat sa splitste hy de kearn
en wie it earste doel berikt.
It lytse frege daliks om
noch mear te witten, dan yn ’t grut,
want soks folget út ’e dieltsjes:
twa kear splitsten se de kearn
en beide kearen foel de bom.
* Foto ‘Ernest Rutherford’
** Foto ‘Atoombom op Hiroshima’
mei 10, 2020
fan ûnbekend*
Natuer, privee en polityk,
de fraach is: kin it alle trije
of makket men de bêste kar?
It libben is oan kânsen ryk,
men kin der net genôch fan krije.
Paul Langevin gie foar natuer
en frou en bern, it waarden fjouwer,
syn twadde kar kaam net oan bar;
mei syn natuer wie hy sekuer,
oan Albert Einstein wie er trouwer…
… as oan syn frou en fjouwer bern,
Marie Curie koe sprekken lije,
mei syn natuer hold hy fan har;
de wittenskip gie net ferlern,
dêr koed er net genôch fan krije.
’t Lûd fan nazisme stie him tsjin,
syn sonar heinde de gefaren
op, sa bedarre hy yn ’t far
fan ’t kommunisme, want: ‘Ik bin
ûntkommen oan de heechste baren.’
* Foto ‘Paul Langevin’