Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Wiskje út syn namme

Polityk

fan ûnbekend

Net elke Joad hjit Benjamin,
de jongste fan heit Jakob,
dy’t stiel it earsteberterjocht
en trochgong foar korrupsje,
wis, dy heit wie net sa min.

Syn namme is ek Benjamin,
dêrachter Netanyahu,
dy’t brekt it earsteminskerjocht
en trochgiet foar korrupsje,
dy premier is net sa min.

Syn misdied rekket elke Joad,
al is dy ek ûnskuldich
oan ’t konsintrearjen fan it folk
dat snakt nei ynterrupsje
nei al wer in bernemoard.

Neam him net langer Benjamin
en wiskje út syn namme,
sadat gjin smet fersmoarget folk
dat skjin is fan korrupsje…
hat sa’n namme dan noch sin?

Yllustraasje ‘Lege boekrol’



admin

Trije sprekkende Russen

Polityk


In Rus dy’t sprekt fan heech ferrie
dat troch it westen plak fûn hat
al tûzen dagen en noch mear,
troch hannen fan in lân te binen
dat foar syn frijheid folop striidt,
dy Rus sprekt goed oer Oekraïne,
roppend tûzen kear om help
fan ’t westen rjochte op it easten,
fjoerkrêft oer de grins de fierte yn
om de agressor del te slaan,
de heechste Rus dy’t kreamet út
wat net strykt mei syn ferline
as moardner fan de frijheidsheld,
de Rus dy’t spriek syn folk skerp oan
oer wat dy lege Rus mis die. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum