april 30, 2024
fan ûnbekend*
‘America first!’
Sa hat de rop al iuwen klonken
fan it folk fan USA:
‘Wy binne ’t bêste lân op ierde,
mei oaren gean wy net yn see!’
‘America help!’
Sa klonk it troch de jierren tritich
hinne, Roosevelt wie ree
om Churchill út ’e brân te helpen,
Amearika stiek mei oer see.
‘America send!’
Sa klonk de gjalp út Oekraïne,
Biden woe wol, hat it wûn
Zelensky út ’e brân te helpen,
Amearika hat wapens jûn.
‘America first!’
Sa klinke op ’e nij de lûden
fan it folk fan USA
mei Trump as arrogante balter:
‘It bêste lân bliuwt op syn stee!’
* Foto ‘Flagge fan USA’
april 20, 2024
fan ûnbekend*
De túnman en de dea,
dy hawwe elkoar moete,
net yn Israel, want dan
soe ’t oarlochsfolk wol frede
slute, ’t wie yn Isfahan.
De túnman wie gewoan
in boarger op ’e ierde,
wie ’t yn Gaza of Iran?
’t Koe Israel ek wêze,
mar ’t wie yn Isfahan.
De dea ferljochte earst
de himel mei syn fjoerwurk,
Allah en Jahweh yn ’t span
fan moardners op ’e ierde,
Israel of wie ’t Iran?
De túnman hie gjin kar
en moast de dea wol moetsje
neffens in strategysk plan
fan fjoerwurk foar de deaslach,
harkje mar nei Isfahan.
* Yllustraasje ‘De túnman en de dea’