januari 2, 2024
fan Arno Breker*
Rachel gûlde om har bern,
de mem fan ien miljoen,
fergasse yn de drûge dûs,
ûnskuldich oan de sûnde
fan ekstreme macht dy’t útrint
op ’t geweld fan ien dy’t Adolf
hiet… wa is dy fint?
Farah gûlt hjoed om har bern,
de mem fan hieltyd mear
dy’t deade wurde troch it fjoer
fan wraak, ûnskuldich oan de
sûnde fan de macht dy’t útrint
op ’t geweld fan Benjamin**, sa
hjit dy jongste fint.
Joazef, broer fan Benjamin,
de ûnderkening fan
Egypte, hâld de moarden tsjin
en strui it brea út oer it
gea yn plak fan de raketten,
mear sa klinkt troch yn dyn namme,
oars as Benjamin.
* Arno Breker (1900-1991)
Byld ‘Adolf Hitler’
** Benjamin Netanyahu
december 30, 2023
fan Lourens Alma-Tadema*
Wol harkje nei syn namme
as wie hysels de sinnegod:
Heliogabalus,
hy struide roazen yn it bad
en liet syn folk dêryn ferdrinke…
hat er him dêr ea foar skamme?
Wol harkje nei de namme
as wie hysels de Kremlin-god:
Poetin, koart en krêftich
struit hy syn leagens yn it rûn
dêr’t folgelingen graach yn swimme…
dêrfoar hat er him nea skamme.
Ferflok him lûd, ferjamme,
as roazen wurde ta raket,
reitsjend Oekraïne…
wa heart de stim fan ’t hecht ferbûn?
Lit yn syn leagens him fersûpe,
strui ien roas yn fredesnamme.
* Lourens Alma-Tadema (1836-1912)
Skilderij ‘De roazen fan Heliogabalus’