Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Stjerrende swan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
tongersdei 23 juny 2005

Hy stie dêr al in lytse wike,
de wite swan mei skeinde board,
syn wûnen wiene, sa’t it like,
de útkomst fan mislearre moard:
in oanslach fan it fokseleger,
ynienen út ‘e rûchte wei;
syn flecht, oars lûd en stadich heger,
kaam min op gong, mar mei in draai
ferbriek er de besingeling.

Ik seach him fan ‘e moarn noch sitten,
in protte fearren en in kop,
dêr woed er my mei witte litte,
it is derûnder of derop.
It wie noch mar in oere letter,
dêr stie yn grize swellesturt,
de blauwe reager by it wetter,
de boade mei it lêste wurd
fan dea as in besingeling.

admin

Meditaasje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Tusken grien en blau siet sy
mei oerinoar de skonken,
eagen nei de fierte en frij
fan swierte, suver dronken,
sa djip yn meditaasje
mei útsicht oer it wetter,
geast en lichem yn relaasje
mei sin foar hjoed en…
tusken har en my de hûn,
sa wyt as snie en sinne,
ierdske ingel yn ’t ferbûn,
de wjukken om har hinne. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum