Willem Tjerkstra’s thússide
admin

As Michael Jackson

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Twa pseudo-skûtsjes op ‘e Snitser mar,
dy’t skril it wyt wjerspegelet
fan plastysk wurk troch de sjirurch,
dy’t makke foar de winst syn kar:
de swarte lûken gau derôf,
de roef wurdt út it dek weisnien,
it lúkse maklik regele,
de yngreep hat fertuten dien,
it wie de muoite wurdich.

Image

Sjedêr glydt Michael Jackson
twaris op it wetter,
earst brún, no blank,
de operaasje slagge,
pasjinten binne wurch,
dokter wurdt bedankt,
it ferlies komt letter.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum