Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Preamtsjinst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
snein, 4 septimber 2005

Broek, it gea dat leger leit
as wetterweagen, rôljend
fan de Wiellen nei de slûs,
it gea fan harren heit
as boer en skipper manlju
mei God oer ’t wetter rinnend
yn de pream fan lân nei hûs.

Broek, op ’t hôf de klokkestoel,
de trije preammen sprekke
fan de Heit, de Soan en Geast,
dy’t harren driuwt nei ’t doel
om stilsteand oan te stekken
op leger wâl, dêr’t sinne-
ljocht komt rinnend út it east.

Wiellen by Langwar as See
fan Galilea, blinkend
stil, fan skientme stom,
ynienen rôljend, stee
fan fiskers, manlju sinkend
oant Hy as Skipper rinnend
oer it Wiellenwetter komt.

Image

admin

It swarte gat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De hichte yn om op ‘e útsichttoer
it wetter fan de Snitser mar te sjen,
it plak dêr’t earst de Roekoepôle wie,
dy’t heit my wiisde, yn myn tiid as bern,
dat op ‘e lûken boarte sûnder trie
mei wat der yn ’t ferline lei en foer
oan skippen ûnder, oare sûnder seil.

Hjir stean ik dan, dêr’t fan de hichte ôf
de eagen glide nei de lichte ta,
fan mar nei reid en fierder, dêr’t yn ’t nau
fan Pottenpoel in opboud skûtsje leit,
gjin boarterslûken dus, mar dochs wol sa
dat ’t skip wat oer myn eigen libben seit.

It swarte gat yn ’t foardek wie de durk,
dêr’t ik it fel oer wurge eagen loek
en dreamde oer de skipper en it spoek,
dat út ‘e hichte wei him glide liet,
my meinaam nei de lûken foar it wurk
dat heit oars die: de roef en warings wiet
fan ’t spielen mei de puts, mar doe’t ik wie
wer út ‘e dream en wekker waard, wie ’t wier
dat heit op iere moarn de dekken die.

De toer jout sicht op wat yn ’t gat him roert
en boppe komt, de iene nei de oar,
yn ’t brune fel, in broek om’t gat, beroerd
fan bier en bearehap de jûns derfoar;
de folle blaas jout druk en mei in fluts
begjint it lykas earder mei de puts.

Image

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum