september 21, 2016
Hjoed soe ‘k in foto meitsje fan ’t maisfjild op syn heechst, it lêste fan de simmer… dan kin men derom laitsje as boppe ’t fjild in flinter telt dwarljend op syn leechst de stoppels: ’t wurdt wer winter. |
september 21, 2016
Twa pseudo-skûtsjes op ‘e Snitser mar, dy’t skril it wyt wjerspegelet fan plastysk wurk troch de sjirurch, dy’t makke foar de winst syn kar: de swarte lûken gau derôf, de roef wurdt út it dek weisnien, it lúkse maklik regele, de yngreep hat fertuten dien, it wie de muoite wurdich. Sjedêr glydt Michael Jackson |