september 23, 2016
It wie noch middenyn de simmer mei trije beammen yn ien streek, dy’t strieden op it mêd fan klimmer mei aspiraasjes himelheech, mar doe’t de sinne dagen skroeide en ’t wifkjend wetter hie it dreech om tusken grûn en loft te kiezen, doe bleau it foar ’t gemak mar leech, wat ’t minder makke foar de striders: de fierste die it heal om heal, de leechste hie neat te ferliezen, wer fruchtber waard foar dei en dau |
september 23, 2016
Dy snein-te-moarn wie it lang dizich as hie de skepping noch net west om kleur te jaan oan d’ Iv’ge Leane, dy’t yn de ivichheid noch grizich fersonken lei, fan tiid net wist, mar doe, ynienen, dêr ferriisde it byld fan Adam út ‘e mist, syn scooter by de hikke wiisde it paad, de minske by it bist, hy dy’t der al sa lang fan griisde dat inkeld noch in feale rest wie foar de bisten yn de greide, as hie de skepping noch net west, mar mei’t syn hân de bôle lei dêr’t it roppich fee it rikke koe, begûn út mist wei foar dy beide de nije skepping yn de Leane yn alle ivichheid beslist dat Adam is der foar it bist. |