Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Kryst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik kaam nei Itens om fan kryst te hearren,
it wie in jûn mei rûzich waar,
gjin skiep te sjen en ek gjin stjerren,
mar yn de tsjerke wie it waarm.

Image

De godgelearde wie wol oan te hearren
oer hoe’t de skriuwers it ferhaal
fan Jezus’ bertedei ferklearren,
op eigen wize, elk syn taal.

Mattéüs skreau foar eigen folk, de Joaden:
de lang ferwachte Davids Soan,
as byfigueren trije boaden,
dy beaën har geskinken oan.

Mar Lukas rjochte him foaral op Griken:
it berntsje yn ’t Romeinske Ryk,
de rûge hoeders, sa die bliken,
dy wiene keizers kroan te ryk.

Fan Davids Soan en stille nacht en hoeders,
ferhalen fan elk syn gelyk,
ik doarme nei it oargel, woe dus
in brek foar ingelemuzyk.

Image

Ik kaam werom út Itens fan it hearren
oer kryst, it wie noch rûzich waar,
op stâl en huzen blonken stjerren
en yn de auto wie it waarm.

Yn Easterein in krystman yn syn slide,
in kleurich reau yn stille nacht,
in flits en dan wer fierder ride,
gjin trouwe hoeder hold de wacht.

Image

Ik stoppe by it hûs ‘De Gouden Engel’
en flitste wer, in nuver ding,
it wie gjin krystman en gjin ingel,
mar wol bysûnder sûnderling.

Image

admin

Sinneblom

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ien siedsje yn de skurte
fan mem ierde,
dy’t by de maitiidssinne
iepenbierre
wat groeie soe ta grutter:
it tinne stâltsje
fan ’t bern, dat amper drage
koe it holtsje,
omseame mei in krage
fan giele strielen,
dy’t yn de simmerdagen
omheech beweegden
en meidraaiden en -dielden
yn libbenssinne,
folwoeksen en yn wielde.

Image

En yn de lêste faze
fan it libben,
as’t sinnestrieljen wazich
wurdt en ’t stribjen
ferwurdt ta machtleas hingjen,
sykje stâle
en blom om steun en stipe
oant de twirren
nei ’t herteklopjen tingje,
dat it ripe
sied yn de skurte fan de
ierde rôlet.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum