|   Dit is in liet fan ljocht en tsjuster,dei en nacht mei kleare stjer,
 dit is in liet fan hjoed en juster,
 altyd wer en hjir en dêr,
 dit is in liet fan broer en suster,
 Joaden mei de Davidsstjer.
 Dêr’t hjoed de dei de Snitsers rinne,winkel út en winkel yn,
 dêr’t steane keapman en boerinne,
 hanneljend fan dyn en myn,
 dêr giene earder Joaden hinne,
 harren synagoge yn.
 Hat boartersguod it plak ynnommenfan de boekrol en de jat,
 is doe as kompensaasje kommen
 op ’t plak fan ’t swarte gat
 de stiennen Davidsstjer as stomme
 tsjûge fan de joadske God?
 
 De synagoge hie mear stjerrenas de tsjerken mei elkoar,
 men koe op elke sabbat hearre
 hoe’t de Joaden giene foar
 Gods Wurd en minskedie tegearre
 yn de leafde foar de oar.
 Mar troch de wike moast it barre,wurkje foar it deistich brea,
 dan ried it folk de hûnekarre
 troch de doarpen en it gea
 en wêr’t de Joaden ek bedarren,
 Davids stjer ferliet har nea.
 Dochs skeelde it yn Snits net folleof de stjer wie ûndergien,
 de iene groep woe djipper dolle,
 is doe fan de mienskip snien,
 it lichem skieden fan de holle
 krige stal yn hurde stien.
 De Joaden ha doe op twa plakkenfrede foar altiten fûn,
 de measte deaden binne sakke
 mei de foarfaars djip ferbûn,
 in sântal grêven ha se makke
 yn de algemiene grûn.
 
 De Davidsstjer hat jierren blonken,doe’t de ienheid der wer wie,
 mar mei’t de nazi, fan macht dronken,
 gjin begrutsjen mei har hie,
 ha Joadestjerren inkeld fonke
 oant de alderlêste trie.
 Wêr binne hjoed de dei de Joadenyn de Snitser boargerij,
 wêr is de boekrol mei geboaden,
 sels gjin jat koe keare ’t tij,
 mar as de geast ferslacht de goaden,
 blinkt de Davidsstjer as nij.
 
 |