Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Swannen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De fûgelgryp fljocht oer de wrâld,
gjin grinzen kinne fûgels keare,
de sykte lit net ien mear kâld,
wat kin men fan har fleanen leare?

In wider útsjoch oer de wrâld,
in hege flecht op eigen wjukken,
in libben sûnder foarbehâld
en boppe alle ûnderdrukking.

Image

Sy fleane frij de greiden oer
en komme del wêr’t se mar wolle,
bekroadzje har om bist noch boer,
in grutte kloft is nea tefolle.

Mar yn it Wilhelminapark,
dêr sitte finzen in pear swarte
en boppe har hat read-wyt ark
de libbensromte sterk bekoarte.

Image

Swarte swannen, wite swannen,
minsken kinne no noch kieze:
fleane oer de lege lannen
of har frijheid moarn ferlieze.

admin

It nije skûtsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Twa moannen nei it ferstjerren fan ús heit

It skûtsje fan de Nije Tiid lei klear
om striidleas fan de kant te stekken,
dat de Skepper liet dy lêste kear
syn eagen gean oer roef en dekken,
wiisde oan de skipper ek syn plak
op ’t helmhout, wie beslist te sprekken
oer ’t gehiel, fan fleugel oant it flak
foldie it oan syn goede skepping,
dat de Skepperssoan kaam doe oan board
om mei de skipper te besprekken
dat it net mear gie om súd of noard,
gjin wynstreek mei syn skrale rekken,
mar in koelte nei in wankend oard
en hark, de Skeppersgeast syn twirren
rûzen oan en foelen der rom yn,
de skipper seach it al fan fierren
en stjoerde ’t skûtsje foar de wyn.

Image

Tekening fan broer Anne

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum