|   Der is hoop dat de lytse klimmerfan de grûn ôf it oprêde sil
 om… de beam dy’t de lange simmer
 hjit om grien yn te kleurjen syn wil,
 dy’t er opleit oan winterdagen
 troch syn tûken, as stôk om te slaan
 ’t hûnewaar mei syn wite flagen,
 heech fan hert sil dy beam it sa dwaan…
 der is hoop dat dy lytse klimmer
 fan de grûn ôf it oprêde sil
 oan dy beam yn winter en simmer
 op te lizzen syn wil…
 of is de hoop op it griene ferflein,de kroan op ’t wurk fan de hege stamme,
 de azem nimmen op ierde ûntsein,
 it skaad dat minske noch dier beskamme,
 want sjoch, de beam is tenein
 en parasyt is de namme.
 
 |