Hoe komt it dat de jierren troch 
de Snitsers sprekke fan tradysje 
as de Pan de rûte docht 
en silers flaggen hysje? 
De boargemaster hie ’t al yn 
de jierren fyftich oer de Oarder 
dy’t de bêsten oan him bynt: 
in wike lang op oarder. 
Wêr komt dy pankoekspanne wei, 
wa sil it oan de Snitsers sizze, 
as de wierheid kin ferdraaid 
yn mear ferhalen lizze. 
  
It earste sprekt fan Hollânsk folk 
dat meidie oan de silerswike, 
foar de sfear yn grêft en Kolk 
hat neat har better like. 
Snits brocht harren yn de ban 
fan wetter en in sterker drankje, 
sjongend klonk it: ‘Wat een pan, 
een pan met een bedankje!’ 
De pankoekspanne, brûkt as blêd, 
stie fol mei fonkeljende gleskes, 
Hollân wie noch lang net sêd, 
it ljocht kaam fan de kerskes. 
De deis dêrop foer ’t folk wer flot 
de rûte oer Langwarder Wiellen, 
Snitsers brochten harren fuort 
om noch wat troch te spiellen. 
  
De Pannepôle wie it plak 
foar ’t fiskje yn de pankoekspanne, 
elk fertsjinne syn gerak, 
in slokje út ‘e kanne. 
Kaam dêr de pankoekspanne wei, 
’t ferhaal fan Pannepôle? 
Nee, ’t wie wat de krante sei, 
De Telegraaf útâle. 
In prachtich fjoerwurk yn de Kolk, 
Bengaals op Snitser pankoekspannen, 
dat ferhaal gie op in wolk 
fan reek nei alle lannen. 
As trije kear de wierheid is, 
dan is de Panne no ferklearre, 
mar de minsken ha it mis 
dy’t net de ein noch hearre. 
Want froulju ha de foarstap hân 
doe’t sy de ‘Sneeker Pan’ oprjochten, 
holpen manlju út ‘e brân 
mei ’t sy de float ferljochten. 
Sa sjocht men mar, de oarder is 
fan minsken, man en frou tegearre, 
dêrmei is dan sûnder mis 
de Oarder wol ferklearre. 
 
  |