Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Simmerdei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De dei stapt hoeden út ‘e swarte nacht
mei skiere walen fan de dize,
dêr’t amper skimerje noch kleuren troch,
de klaaiïnge fan heale wize,
noch ûnbewust fan pronk en simmerpracht,
gjin djipgong stribjend nei de hichte,
sa slûpt de dei de moarntiid yn, mar sjoch…

… dêr stiet de kleureklaaier fan de dei
dy’t stjoert kreaasjes nei de lichte
en spriedt it sulver oer de Snitser mar
as spegel foar de twa gesichten:
de skjinne loften dêr’t de ein fan wei
is boppe ierdske fisker, wizend
mei spattend sulver nei de simmerdei.

Image

admin

Dertusken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wylst yn it westen boppe Snits
de loften ljochtsje fan de sinne
en streekje ’t grien fan beammen swart,
driuwt út it easten, fan de mar,
gjin seil of mêst mear te bekennen,
it driigjend blau mei felle flits.

Wat is it minskelibben oars
as yn de midden sljochtwei hinne
te wêzen tusken kin en moat,
wat is en wat der nochris bart,
it hjoed ferlieze, moarn wer winne:
in libben tusken fêst en loas.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum