Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Liet fan stêf en slang

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De stêf en de slange,
de geast en it kwea,
hoe sil it beteare?
De tiid sil it leare:
op libben en dea.

De lusthôf fan Eden,
it duorre net lang
of dêr hiest de kweade
dy’t flaaike en bearde,
de rop fan de slang.

By’t brânende boskje
waard Mozes spoekbang,
mar God soe him leare,
neat soe him mear deare,
de stêf waard in slang.

De godsstêf fan Mozes
joech Israel moed,
Egypte moast witte
om nea te ferjitten:
it wetter waard bloed.

It stof fan Egypte
hat Mozes ek slein
mei stêf en mei wurden,
de moude is wurden
ynsekten as rein.

Befrijd fan it lijen,
mar ’t ja waard in nee,
dochs Mozes wist better,
de stêf boppe ’t wetter,
in paad troch de see.

De tocht soe ferrinne
mei lek en mei brek,
mar Mozes stiek tichter
de stêf nei de hichte,
fersloech Amalek.

Dochs doe’t it folk klage,
kaam nochris de slang,
yn gielkoper getten,
waard Israel better
en libbe noch lang.

De stêf of de slange,
de geast wint fan ’t kwea,
it fjoer sil ús leare:
it gif sil ferkeare
yn ’t himelske brea.

Image

admin

Wolgers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Dêr’t it fean gjin fee talit
fanwege weake grûn,
wat mei de skiep him mjit,
hat dêr in plakje fûn.

Wite wol sweeft tusken swurk
en greppels, mar dochs fêst
as maitiids willewurk
waakst dêr it wollegers.

Image

Stâle linich op ‘e wyn,
it libben is mar koart:
de groei in wike lyn,
de bloei is samar bard.

’t Swurk is wyld en jaget oer,
de stâle bûcht wer rjocht:
in flagge op ‘e toer,
in feest foar wa’t it sjocht.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum