Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Dûbele moarntiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De moarntiid is fol fan natoer
mei ladingen reid dy’t útwaaie,
wylst frachten fan fûgels fuortfleane
troch driuwende wolken dy’t baaie
yn ’t sinneljocht sûnder bestjoer.

De skipper stjoert de moarntiid troch
yn wynstil waar fan ’t fjouwerkant,
de stielen krêft brekt rjocht dertroch,
fiert mei de fracht yn sletten kant
en fier foarby glydt de natoer.

Image

admin

Fûgelhut

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dêr’t yn earder tiden
’t galgetou beweegde
op ‘e wyn en krieën
pikten yn de eagen
fan de moardnersholle,
fleagen nei de greide
oan en ôf oant ’t golle
lyk syn bonken baaiden
yn de sinnestrielen,
dêr stiet no de fûgelhut.

Image

Sjoch hjoeddeiske tiden
biede foar de eagen
op it fjild en wide
wetter de bewegings
fan it fûgellibben
oan en ôf, de holle
draait om wat besibbe
is te skôgjen, folle
net genôch te dielen
mei de houten fûgelhut.

Image

Mar hjoeddeiske tiden
litte oare eagen
sjen dy’t samar glide
nei it hout, bewege
fingers om te skriuwen
de driuw nei oare dielen
fan de lea, te priuwen
yn ferbylding strielen
fan geniet, sa lêst it
yn de sekse fûgelhut.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum