Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Para-boal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se kinne net op eigen skonken stean
en wine har om sterke stâlen,
mar binne se de hichte yn, dan gean
se iepen, wite paraboalen.

Image

Hy is der wer, wat skier en withoefier,
mar stiet dêr wol op eigen skonken
te pronkjen, lykwols ’t is net foar de sier,
hy brekt as boal de kikkertbonken.

Image

admin

Dreech feest

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
By de earste wurkdei
fan ús dochter Jacoba
yn in sikehûs yn Malawi

Fansels, it wie tafallich,
in kwestje fan no ja,
in antwurd wie oerstallich,
soks bart no ienkear sa.

Foar ’t earst in flaggemêst,
de âlde fan ús boat,
yn hurd beton sa fêst
as libje op ien poat.

In brulloft mei gebak
en kofje, nee gjin drank,
mar wol yn ’t kreaze pak,
de kleur fan ’t folk wie blank.

Berjocht út Afrika:
sa’n fjirtich op in seal,
gjin soarch der noch op ta,
wa’t hiel wurdt, is net heal.

Dan wer dy flaggemêst,
it pompeblêd omheech,
Jacoba die har bêst,
in feest, mar ’t wie wol dreech.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum