Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Flaggemêst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In stielen koker hâldt
him no oerein,
hy is wol âld,
mar net tenein.

Hy bûcht net mei de wyn,
mar bliuwt rjochtop,
de strammens bynt
fan foet oant top.

In houten koker wie
syn earst hâldfêst,
mei stielen trie
besloech it bêst.

Hy hold doe seil en fok
op ’t skip oerein
en mei wat lok
waard elk ferslein.

No, op syn âlde dei,
is hy noch mêst
en hâldt er fraai
de flagge fêst.

Image

admin

Keunstwurk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoe is ús ferline kleure
ienentritich jierren lang
mei withoefolle folle dagen
altyd kleurich yn de rang
fan read nei pears, mar wa sil keure
de skakearrings yn ’t palet
dy’t hiel it libbenskeunstwurk drage,
frij fan dogma, lear of wet.

Do hast tinten faakris mongen,
wie it swart, do kleurest by
en liet it wyt him net ferdrage,
dan besochtst dat neat foar my
mei leafderead yn ’t lyk te sjongen,
lit my dêrom hjoed foar dy
myn leafderead foar dau en dage
stim jaan, want sa libje wy.

Image

< Foar

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum