Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Inketswam

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoe suver is ’t bestean
dat jong op griene grûn
de hoop op takomst is,
sa rjocht fan lea yn klean
dy’t ljocht wjerkeatse, rûn
fan foarm, figuerlik wis.

Mar net folslein, want bern
beflinterje de loft,
fleksibel yn har fljocht
en litte kleuren sjen,
earst bôgjend, dan yn kloft
en alles om ‘e nocht.

Hoe inketswart ferstjert
it fel en skranfelet fuort,
gjin holle bliuwt noch oer,
de lea ferfalt yn ’t bêd
fan focht en blêdeguod,
in dea fan lange doer.

Mar net foargoed, omdat
it sie groeit út ta bern
dat nei syn âlden skaait,
deselde namme hat,
mei inket, sa te sjen,
dêr’t ek syn siel yn leit.

Image

admin

Rûs

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wy ynhalearje elke dei
it rikjend jeien troch de tiid:
de moarns it opgean fan de bern
as sinne mei de wolk op wei
fan ljocht nei skaad en wer werom,
gjin fiif minuten gean ferlern;
de middeis op it hichtepunt
fan ’t draaiend ekonomedom
bestjoert it kapitaal de wrâld,
dat tiid is jild yn kleare munt;
de jûns as ’t ljocht de siken jout,
dan ljochtsje alle skermen op
mei bylden, fiif sekonden âld,
dan stjerrend, mei dy dea fertroud;
en nachts foar pampus, yn de sûs,
bedreame wy wol mannichfâld
de dei mei bylden, jild en bern
en moarn begjint deselde rûs.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum