Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Nêst elkoar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy hat syn swiere fracht as boer
wol troch it libben kroade,
fan heit op soan, sa wie de koade,
mar hy jout it noch net oer.

Image

Wat sil er oerjaan moatte as
it giet om frachten fan it leauwe
dy’t yn syn gea it lûdste skreauwe?
Tsjerken ticht? It jout gjin pas!

Besjoch yn ’t grien syn bûnte kij,
ienriedich oan ’t wjerkôgjen;
lit sa de tsjerkekeppel skôgje
hoe’t it bûnte heart derby.

Image

Sa is er troch it libben gien
yn ’t wurk mei de boerinne,
it byld fan nêst elkoar berinne
’t paad fan hope: ien en mien.

En as foar ’t lêst de kroaden gean
nei ’t hôf tichtby de tsjerke,
dan sil de keppel grif wol merke
dat se op ien hichte stean.

Image

admin

Eigen wei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De wolken lieten bakken los,
oanienwei wetter op ‘e wei
dy’t sûnder dek derhinne lei,
ferlet hie fan in asfaltjas.

Image

De bakken brochten ’t floeiber oan
en stiene yn kolonne klear
foar rekreanten yn de wear
as fêste gasten breed bedoarn.

Image

De brune sûnder tek dy nacht
ferklomme troch ’t ûnlijich waar,
hy ûndergong it, gjin misbaar,
en naam syn hynste-aard yn acht.

Image

Hy seach, de hoeven yn de drek,
it oan hoe’t it derhinne lei,
doe gong er wer syn eigen wei,
syn grûnslach wie noch net sa gek.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum