Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Readbûnt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se seine dat it hier
fan Hylke read wie,
mar it skeelde wier
net folle mei wat ik hie.

In fjoertoer stie net yn de buorren,
pake sei op Skylge wie der ien

en earder brânden inkeld fjurren,
mar wie Hylke dan fan stien?

By ús op ’t doarp wie ek gjin duvel
en al hielendal in reade net,
de Belgen wiene wol wat nuver,
mar de hel… nee, gjin ferlet.

De Hel wie wol in lytse buorren
yn It Heidenskip, in gea mei kij,
mar yn gjin greide in readbûnte
ko, hoe kamen se derby!

Image

Se sizze readbûnt fel
falt út ‘e toan,
de duvel út ‘e hel
stiet altyd achteroan.

admin

Net fleksibel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It meunster riist yn wolkdracht op
en jaget driigjend op ús oan,
de bek wiid iepen yn syn kop,
grimmitich eagjend, stoarmfertoan.

Image

Hy spuit de stoarm kokhalzjend del,
in kleurleas jeien oer it wiet
dat mei fleksibel fâldrich fel
gjin wjerstân oan it meunster biedt.

Image

Wannear’t de sturt noch swypke hat,
riist yn it easten wer de dei
dy’t sicht jout op it bûgend lot
fan beareklau nei rjocht op wei.

Image

Fleksibel en nei bûgen rjocht,
it is net oan de flinter jûn,
syn wjukken fleagen út ‘e bocht,
wy ha ien op ‘e planken fûn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum