Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Fêst patroan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat bart der by de fûgelhut
sa yn de iere moarn?
De fûgels ha it heechste wurd,
gjin kiker jaget har dêr fuort,
se lûke oer har keninkryk
in fêst patroan.

Image

En efkes fierder by it krús
fan wetters klinkt de toan
fan achtergrûnmuzyk, de rûs
‘hoe komme wy hjirwei, wer thús…’
De motor draaide ’t skip yn ’t slyk,
in fêst patroan.

Image

De iere moarn biedt noch wat oars:
de krusers jouwe oan
de rêst, it sliepen as in roas,
in snoarkjend blazen troch de noas,
in langer lizzend keninkryk
as fêst patroan.

Image

admin

SC Skûtsjesile

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1987

Image
Ut ‘Skûtsjesilen’ fan Lieuwe Pietersen

It kin de skipper wolris misse:
as it seil te heech is foar de mêst,
in twirre komt him falsk oer ’t mad,
se hâlde beide skoaten fêst,
dan slacht ynienen ta syn nuodlik lot.

Men kin de bal net altyd lizze
op it plak fan tichterby it doel,
in oanrin, traap, al wer in punt;
de ynset fûl, de holle koel,
dat is it wêr’t in topper graach mei stunt.

It kin SC ek wolris misse,
sportclub Cambuur of It Hearrenfean,
as ’t seil komt heger as de mêst,
dan sjocht men har beskiten stean,
wylst konkurrinten sile noch foar bêst.

Image
Cartoon fan Frans Verschoor (detail)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum