Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hertstocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

No kloppet it read yn it grien
as it hert dat it bloed
troch de ieren pompt
en de hertstocht is ien
mei de reis nei it lûd
fan de jûn dy’t yn gloedgloarje komt.

Image

Der fljocht in grienfink nei it read
en stekt de snaffel yn it fleis
om jûns te iten fan it sie
dat meigiet op reis.

It makket de tocht troch de nacht
fan de mage en giet
sûnder skea syn wei
nei de grûn en sa biedt
wer de groei syn read sicht op ‘e bei.

Der rint in minske mei it read
fan rubber om syn eigen lucht,
de hertstocht sit fêst oan it grien,
rint fuort mei in sucht.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum