Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Simmersk echt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De rinskuon fearje oer it paad
fan lege skulpen fol mei lucht,
ik hear fan slakken noch de sucht,
myn dank lykwols foar it ferskaat.

Image

De jasrits waait fan ’t rinnen los,
de flappen wolkje oer it paad
en skilderje op skulpen skaad
mei fan de rits in djippe kras.

De guozzen wjukje út it grien
troch trillings fan de moarntiidsdau;
in wolk fan fearren tsjin it blau
is net nei ’t hege noarden gien.

Image

De swellen droegje op ‘e dyk
dy’t swart de sinnewaarmte sûpt
har jonge fearren foar’t de groep
ferwaait nei ’t soele suderryk.

En yn ’t ferskaat fan fûgelflecht
strykt op in sylboatstange del
it tomke keninklik en skel
besjongt de winter, simmersk echt.

Image

admin

Billboard

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Trije krieën sieten op ‘e rige
boppe ’t boerd fan RCN,
se moasten suver skilich sjen
foardat se ’t plaatsje yn de gaten krigen.

Image

De linkse like ’t plak wol gaadlik
tusken bosk en wetter yn,
yn lúkse siet lykwols ’t fenyn,
as sosjalist fersmiet er ’t dalik.

De rjochtse rjochte him op ’t frije
fan fierhinne hiel syn aard,
sa’n wente stie foar him yn ’t skaad
fan ’t liberale mear te krijen.

Image

De beide ha de wjukken nommen
nei wêrhinne wist hy net
dy’t tusken in kastiel en flat
wol fielde foar ’t gewoane romme.

Trije krieën sieten oeren letter
op ‘e leuning fan in bank,
se makken, stank foar tank,
in eigen billboard fan har wite wetter.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum