Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Mei de ierde draaie

Keunst

fan David Oyens*

Hy libbet tusken âld en nij,
it âlde jier is it symboal
fan wat foar him noch wearde hat,
it nije moat noch wearde krije,
komt him losser foar… frivoal.

Foar him is Rembrandt it idoal
fan út it donker wei nei ljocht,
de wearde fan it clair-obscur,
dêr wol er him noch wol oan wije,
’t hat syn byld de djipte brocht.

Ferdjipje docht er him yn keunst
dy’t al wat nei ’t moderne skaait,
’t obskure sprekt him ek wol oan,
wat yn it nije jier opljochtet…
libje sa’t de ierde draait.

* David Oyens (1842-1902)
Skilderij ‘Keunstner yn syn atelier
lêst L’Art Moderne’

admin

Bêstwil

Keunst

fan Albrecht Dürer*

It binne bleate fuotten,
want sa komt de tsjinstfeint
nei syn Hear,
op knibbels sprekt er him frijút:
‘Myn bêst ha ’k dien… bin ik no klear?’

Hy hat der net om lotte,
mar waard ier al roppen
troch syn Hear:
‘Foar My giesto de rjochting út
fan kom om ’t eigen bêstwil gear.’

Se ha him earst bespotte
om syn bleate fuotten,
wat die sear,
mar ’t eigen bêstwil, ta beslút,
lei yn ’t ferlingde fan de Hear.

Op syn bleate fuotten
en mei bûgde holle
jout er ear
oan God, hy sprekt it dúdlik út:
‘It gie ek om myn bêstwil, Hear.’

* Albrecht Dürer (1471-1528)
Stúdzje ‘Fuotten fan in knibbeljende apostel’
Stúdzje ‘Holle fan in apostel’
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum