Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Ursula

Keunst

fan Peter Paul Rubens*

Har skientme koe wol sprekken lije,
spriek de kening oan fan Ingelân,
dy’t har ornearre foar syn soan,
hy skonk har withoefolle fammen…
gie sy wol in heidensk houlik oan?

Sy foer mei withoefolle skippen
mei har fammen fan stêd Keulen nei
de paus; in ingel spriek har oan:
‘Do komst werom yn Keulen, krigest
fan it himelfolk de martlerskroan.

De wrede Hunnen kamen earder,
sleaten Keulen en de fammen yn,
begiene in massale moard,
sa waard ek Ursula fermoarde…
mei de martlerskroan kaam sy oan board.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Hillige Ursula wurdt martele’

admin

Fûgelfrij

Keunst

fan Jean-Léon Gérôme*

Se fleane fûgelfrij,
de dowen fan it plein,
dy’t wjukje yn in flecht
mei yntuysje sûnder ein.

De ein is derfan wei,
se fleane ôf en oan,
de wjukken klappe foar
de hiele harem mei fertoan.

Se litte harren sjen,
as froulju fan komsa,
dy’t wer nei bûten gean,
om ’t sy in swak foar fûgels ha.

Se struie mei it hert
har goederjouskens út,
benije soms de flecht
foar’t achter har de doar wer slút.

Sy binne fûgelfrij
wannear’t it tsjuster is
en hy kiest ien derút,
syn inkeld skot is altyd wis.

* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Harem-froulju fuorje dowen’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum