mei 26, 2022

fan Gerard Dou*
Opsletten yn de djipte,
dêr’t it tsjuster waret om
de beam en dêr’t de stilte sprekt
fan hege kontemplaasje,
giet de klúzner troch foar from.
Hy sakket troch de knibbels,
kreakjend fan syn âlderdom
en sprekkend fan ûntsach, stekt hy
de hannen út ’e mouwen
om sa troch te gean foar from.
Him wurde wijde wurden
jûn, dêr bûcht it boek fan krom,
swiermoedich sprekke dy him oan,
’t rint út op meditaasje,
wat beskôge wurdt as from.
De dea sjocht him mei holle
eagen oan, ’t giet Kristus om
it folgjen fan de smelle wei,
op ’t krús folslein fertrouwe
giet op knibbels troch foar from.
* Gerard Dou (1613-1675)
Skilderij ‘Biddende klúzner’
mei 19, 2022

fan Albrecht Dürer*
Se rûnen by de hichte op
om út te sjen nei ’t kommen
fan Kristus foar de twadde kear,
sa’t Hy foarfêst ûnthjitten hie,
mar ’t útsicht wie net klear.
Ynienen kamen machten op,
manmachtich yn de lichte,
de biskop mei de heechste hear,
sy wiene daliks út ’e rie:
de klim nimt no in kear.
Befel waard doe befel, de rop:
‘Smyt ketters fan de hichte,
brûk dêrnei hammer, swurd en spear,
slaan oan it krús, kom ta de die,
oan Kristus is de ear!’
Se seagen Kristus oer de kop
en lieten Him omkomme
oan ’t krús troch hammer, swurd en spear,
sadat Hy net te sprekken wie…
oer har domdryste lear.
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Skilderij ‘Martelgong fan tsientûzen kristenen’