Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Batsjêba baait

Keunst
PDF Print E-mail
fan Cornelis Cornelisz.*
Image

Besletten is de frouljustún
troch muorrestien en beamtegrien,
’t paleis is fier, dêr stiet net ien,
gjin sicht foar struner en skarlún.

Dêr sit Batsjêba, blank en bleat
en wylst har folk de skonk optilt,
ferkeart har man op ’t oarlochsfjild,
Uria striidt foar foarst en steat.

It wetter streamt út boarst en krûk
fan ’t byld dat dochs net strune kin,
ek David hat it sicht ferlern,
’t rint oars as yn it bibelboek.

Image

fan Salvador Dalí**

De Costa Brava biedt noch mear
as ’t badsje yn Batsjêba’s tún,
de froulju binne ek noch brún,
dat Davids libben nimt in kear.

Batsjêba hoecht net nei ’t paleis
om oan syn lusten te foldwaan,
Uria’s dea is fan de baan,
de mins is mear as fel en fleis.

* Cornelis Cornelisz. (1562-1638), skilder yn Haarlem,
sammele gipsen ôfjitsels fan klassike bylden.
De ynfloed dêrfan is yn it skilderij ‘Batsjêba yn it bad’,
dat er yn 1594 makke, dúdlik werom te finen.

** Salvador Dalí (1904-1989) waard berne yn Catalonië.
Hy skildere yn ferskillende stilen en behearske de technyk
perfekt.
It skilderij ‘Baaisters oan de Costa Brava’ hat er makke,
doe’t er njoggentjin jier wie. 


admin

De atelierboat

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

Sa’t wetter spegelet bosk en boat,
sa spegelet dizze boat de mienskip
fan Frânsen yn de skildersfloat
dy’t koersten op ympresjes.

It wie Monet syn atelier,
ûntwurpen troch freon Caillebotte,
’t waard al gau it ynspiraasjestee
fan skilders mei ympresjes.

Monet, Manet en ek Renoir
trochlibben op dit stielen kasko
yn de houten roef by alle waar
de djipte fan ympresjes.

Image

As spegels heinden se it oard
mei om har hinne kleare kleuren,
loeken spoaren – baren fan de boat –
op doeken, har ekspresje.

Gjin spegel heint de Wâldfeart op
as inkeld it prozaysk tastel;
blau stiet as ympresje oan de top,
wêr bliuwt no de ekspresje?

Image

* In skilderij fan Claude Monet (1840-1926) hat
de oanlieding west ta de term ‘Ympresjonisme’.
Dy namme wie earst in skeldwurd, mar waard letter
de oantsjutting fan in streaming yn de Frânske
skilderkeunst.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum