oktober 13, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Salvador Dalí*
Salvador, do wiest noch jong: as puber fan mar fyftjin woest de libbensskoat al stiif sjen mei ’t each dat alle wyn fong fan ynspiraasje fan de see dy’t tûzen kleuren spatte op it seildoek, havenskatten fan dyn heitestedsje Cadaqués. Rêder fan de skilderkeunst En dêr sylt hy yn in kwadraat * Salvador Dalí (1904-1989) waard berne |
oktober 6, 2016
fan Lourens Alma Tadema*
Lourens Tadema, notarissoantsje,
berne yn it doarp Dronryp,
dêr’t Frysk de fiertaal wie,
mar bylden sprieken him mear oan,
yn werklikheid en yn de sliep.
Lourens, selsbewuste puber, hoantsje
dat al kraaiend komt yn byld:
‘Ik bin al út ’e rie,
as keunstner sit ik op ’e troan,
in foarst wurdt droegen op it skyld.’
Lourens Alma Tadema, in keunstner
dy’t yn Londen fierde ’t feest
fan kleur en ryk bestean;
’t klassike spriek him byldzjend oan,
Romeinen doarmen troch syn geast.
Sir Lawrence Alma-Tadema,
fan Frysk notarissoantsje
nei Ingelsk skilder, sa woe hy it ha.
* Lourens Alma Tadema (1836-1912)
Skilderij ‘Selsportret fan Lourens Tadema’
Skilderij ‘Selsportret fan Lawrence Alma-Tadema’